80 jier

BRASSBAND

Looft Den Heer Bitgummole

presintearret

UTBLAASD

25, 26 en 27 juny 2025

Keapje in kaart

Oer

Fam. Overkamp

Barbara, Ernie, Jim en Vera

Andy en Gloria

Danny en Flip

Rita en Harry

Susters sikehûs

Mackenzie

Danny Overkamp

Mynwurkers Grimley

Grimley Brassband

Ingelân, Yorkshire, 1992 – Alle muzikanten fan de Grimley Brassband wurkje by de pleatslike koalemyn, mar dy wurdt mei sluting bedrige. Dirigint Danny hat nei in libben yn de myn stoflongen oprûn. Syn grutte passy is dirigearjen en de iennichste winsk dy’t er noch hat, is mei syn band de finale te berikken fan it Nasjonale Brassband Kampioenskip yn Londen. De bandleden binne lykwols de lêste tiid net bot motivearre; se hawwe mei de driigjende wurkleazens wol wat oars oan ‘e holle. Oant de kreaze Gloria it repetysjelokaal yn komt mei in bugel ûnder de earm. Benammen bandlid Andy is slim fan har ûnder de yndruk. It docht bliken dat se ek nochris in útsûnderlik muzikaal talint hat. Troch Gloria’s nije ympuls berikt de band tsjin alle ferwachtingen yn de heale finale. Mar de freugde duorret net lang, want der folgje in pear slimme tsjinslaggen…

Spilers

Danny

Piet van der Heide

Âld mynwurker, dirigint fan de Grimley Mynwurkersband.

Flip

Ruurd Mollema

Mynwurker, soan fan Danny, eagen ticht foar de wierheid.

Sandra

Froukje Richt Lok-Brunia

Frou fan Flip, hâldt van him, mar kin de situaasje net oansjen.

Tim

Rutger de Haan

Âldste soan fan Flip en Sandra, fielt de spanning yn it gesin, besiket de sfear deryn te hâlden.

Mear spilers

Utblaasd wurdt mei mooglik makke troch:

Organisaasje Brassband ‘Looft den Heer’ Bitgummole | Bestjoer ‘Looft den Heer’ Bauke Dijkstra, Martsje de Jong, Cees Mollema, Klaas Dijkstra, Laura Switijnk en Hans Dijkstra | Utblaasd kommisje Bauke Dijkstra, Ytzen Jenne de Haan, Piet van der Heide, Trienke van der Heide, Froukje Richt Lok-Brunia, Jurjen Zwalua en Libbe Dijkstra | Rezjy Dooitze Nauta en Roelinka Lautenbach-Abma | Muzikale lieding Gijs Heusinkveld | Ynstekster Adri Travaille | Grime en kapwurk Ankie Jagersma en Gré Rodenhuis | Fotografy Jan Weistra | Skriuwer Mark Herman | Toanielbewurking Paul Allen | Oersetting Jan Schotanus | Ljocht en lûd Gebroeders Wijbenga | Dekor Jan Dijkstra, Gerrit Dijkstra en Jan Dijkstra | Lokaasje Molewjuk en Molewjuksplein | Tribune OKK Bitgum | Webside Interbo Webdesign, Ytzen Jenne de Haan en Jetze Dijkstra

… en tal fan frijwilligers. Dêrneist tank oan alle sponsors dy’t ús jubileumjier, op hokker wize dan ek, stypje.

Sponsors

Kaarten

Alle foarstellingen: start 19.30 oere, ynrin fan 19.00 oere ôf.

Der binne genôch plakken foar ynfaliden om fóar de oerdekte tribune plak te nimmen. By mindere waarsomstannichheden wurdt advisearre sels in reinjas/-ponsjo mei te nimmen om’t dy plakken bûten it oerdekte gebiet lizze.

Nei betelling kin it oant in oere duorje foar’t jo de mail mei tickets yn jo mailbox krije. Check eventueel de spambox.

Ienkear oankochte kaarten wurde net weromnommen. Sneon 28 juny is de reservedatum as ien fan de foarstellingen troch strieminne waarsomstannichheden net plakfine kin.

De foarstelling is folslein yn it Frysk.

Kontakt

Ynformaasje oer parkearen
As de waarsomstannichheden it net talitte op it haadterrein (greide) te parkearen, wurdt op it plak sels dúdlik oanjûn wêr’t de alternative parkearlokaasjes binne. Parkearwachters binne oanwêzich.

Brassband ‘Looft den Heer’ Bitgummole
Sekretariaat: De Kamp 10, 9044 NN Bitgum
info@utblaasd.nl